LDODK pakte snein de earste twa punten fan it seizoen. De wize wêrop wie formidabel. Se wûnen de Fryske twastriid tsjin Mid Fryslân mei 34-14. Tsjin de ferwachting yn wie de ploech út Terwispel-De Gordyk superieur. By it skoft wie it al 19-8. Ek yn de twadde helte wie de ploech fan Gerald Aukes baas yn de seal.

Trainer Peter Talsma fan Mid Fryslân wie nei de wedstriid ferbjustere en hie sa'n ôfstraffing noch nea meimakke.